Greidhoekekompetysje woansdei 24 maaie 2012

Op 'e fyts, motor en yn de auto's gong it op nei Easterein. Om goed healwei achten moast der keatst wurde yn en tsjin Easterein. Moasten ferline wike noch de mûtse op en de wanten oan. Woansdei koene de swimbroek of bikini by wize fan sprekken wol oan.

It wiene simmerske, hast tropyske temperaturen. Mar de mannen en froulju hiene der wer sin yn. Foar Mantgum kamen yn it fjild: Senioaren: Wilco Fopma, Jan Geert Nutma en Richard de Graaf Junioaren: Jehannes Muller, Jasper Visser en Sjoerd Lantinga Froulju: Ilse Noorman, Baukje Stienstra en Joke Koldyk Der moast revanche nommen wurde. De senioren hiene de Belgyske geheime wapens wer mei en wiene fan doel grutte keatsen te meitsjen en in protte ballen oer de boppe te jaaien. Ek de junioaren en froulju wiene belust op revanche. Mei it swit foar de kop en oanmoedings fan de fans oan de sydkant gong it oan. Mar hoe oars soe it rinne. Easterein wie op alle fronten wer de sterkste en har keatsers wûnen mei 3 - 0. Senioaren : 5 - 1 en 6 - 0 Junioaren: 5 - 2 en 6 - 6 Froulju: 5 - 3 en 6 - 2 Nije wike op nei Littens, om 18.30 oere giet it dêr wer oan. Wer op syk nei de winst. J.N.

Geplaatst op 26 May 2012